Verslag 2010 fractie Gemeentebelang
Raadsleden: Douwe Kamstra, voorzitter, Liesbeth Terpstra, Herre Hof
Raadsvergadering 7 januari 2010
Ingekomen stukken en mededelingen
Ingekomen stukken:
- Punt 4, Ministerie van BiZa en Koninkrijksrelaties: novembercirculaire Gemeentefonds 2009;
mefrou Terpstra merkt op dat yn it staatsje de desintralisaasje útkearing ympuls brede skoallen
2009 fermeld wurdt. Harns en Ljouwert krije dêr wat út. Hat ús gemeente ek dy ympuls brede
skoalle hân of komt dy noch? Wethâlder Bonnema antwurdet dat wy dy ympuls net hân ha, mar
wol in bydrage fan de provinsje út ‘Boppeslach’. Yn de kommisjestikken sit in stân fan saken
oer it projekt brede skoalle. Dat komt yn de kommisjegearkomste fan 21 jannewaris 2010.
Het goedkeuren van het aangaan van een gemeenschappelijke regeling voor het oprichten
van een Regionale Uitvoeringsdienst Wabo Fryslân
Mefrou Terpstra merkt op dat Gemeentebelang dit stik folslein oerstallich fynt. Dizze tsjinst
wurdt ek oprjochte sûnder ús tastimming. We hiene foar 1 jannewaris 2010 reagearje moatten at
we in oare juridyske foarm ha woene as de wet mienskiplike regeling. Dat hat it al west. We hiene
foar 1 desimber 2009 reagearje moatten at we wat oars woene as it útgongspunt fan it wurkgebiet
feiligensregio’s en plysjeregio’s. Se hie it better fûn as it kolleezje it as kolleezjebeslút yn de
riedskommisje fan novimber 2009 brocht hie, dan hiene we noch reagearje kinnen.
Gemeentebelang is it iens mei de FNP oer de kosten. Der stiet wol yn it stik dat der noch
finansjele konsekwinsjes komme kinne. De wethâlder sei by de begrutting 2010 dat it Fryske model
neat waard omdat der fanút Den Haach gjin rûmte foar jûn waard. Der stiet no wer yn dat der oan
wurke wurdt. Wat is dat Fryske model en at it mear kostjen giet hoe’t it om de fraksje net. Hat dit
aanst ek personele gefolgen?
Wethâlder Twerda jout oan dat der in ûnwisse faktor is oangeande de ôfspraken tusken VNG, IPO
en it Ryk hoe’t de fergoedings fan it ministearje ferdield wurde fia provinsjefûns en gemeentefûns.
De bedoeling is dat alle bedriuwen, mei útsûndering fan in swiere lykas it REC, oergean nei de
gemeente as it foechhawwend gesach. Dat betsjut dat de middels ek mei oergean moatte nei de
gemeenten en by de provinsje ôfreamme wurde moatte. En in tal taken fan it Wetterskip gean oer
nei dizze RUD. Oer de finansjele ôfspraken wurdt noch praten. It soe in goede saak wêze at de
gemeenten mei inoar besykje in model te finen om de mienskiplike regelingen finansjeel oan te
stjoeren. N.o.f. de fraach fan de hear Verduin seit de wethâlder dat de tsjinst yndie gjin eigen
bestjoerlik foech hat, omdat dat by de gemeente leit. It is in útfieringstsjinst fan de gemeente. Wy
ha as Noardlike gemeenten as betingst stelt dat de miljeu-advystsjinst opgiet yn dizze mienskiplike
regeling. Net allinnich de basistaken gean dêryn op, mar ek taken dy’t wy as gemeenten troch de
MAD útfiere litte en net ta de basistaken hearre. Betingst is dat sy dy taken útfieren bliuwe en net
nei de gemeenten werom gean. Der sille earst net in soad personele gefolgen wêze, tinkt de wethâlder.
We wachtsje noch op de kwaliteitskritearia. Dy bepale wat de gemeenten aanst noch sels
dwaan kinne op dit mêd en wat sy aanst ferplichte oerdrage moatte, ek al binne it gjin basistaken,
nei in RUD. Dan sil it wis personele gefolgen ha foar de gemeenten. Der is ek praat dat guon taken
net mear troch gemeenten mei 100.000 ynwenners útfierd wurde kin. De gemeenten, Wetterskip
en provinsje ha lang dwaande west om in eigen - Frysk - model te ûntwikkeljen, mar we wurde
twongen om it wurk út te fieren op de skaal fan Fryslân. Hy wyt net oft der al in reaksje is op de
brief fan de provinsje. Fiif jier evaluaasje sil wol foarskreaun wêze, tinkt er. It is yndie in útmakke
saak. Gemeenten moatte mei inoar in fûst meitsje yn de rjochting fan de mienskiplike regeling
dêr’t sy de eigner fan binne en de kosten foar har rekken nimme. Dat is op it stuit in algemien
probleem dêr’t gemeenten mei wrakselje. It wurdt hieltyd krapper.
Mefrou Terpstra wol noch graach wite wat it Frysk model is. Wethâlder Twerda seit dat er dat ek
net wyt. De Fryske gemeenten, de provinsje en it Wetterskip tochten foar harsels in eigen model
meitsje te kinnen. Se woene dan miskien nei trije regio-RUD’s. Mar safier is it net kaam, omdat
gemeenten de rûmte net krije om sa’n Frysk model fan de grûn te tillen. Mefrou Terpstra merkt op
dat dy sin der dan net yn hoecht dat it Fryske model fierder útwurke wurde sil. Wethâlder Twerda
seit dat it eigen model yn de marzje is. Der is miskien 5% eigen rûmte.
It foarstel wurdt sûnder haadlike stimming oannommen.
Het vaststellen van het Milieuprogramma 2010
De heer Verduin merkt naar aanleiding van pagina 16, over luchtkwaliteit op, dat we straks met
onze buurgemeente en de afvalverbranding misschien toch meer aandacht moeten besteden aan
onze eigen lucht. Op pagina 26 wordt gesproken over de 5% energiekosten reductie van het
gemeentehuis. De vraag is of dit gehaald wordt. En bij duurzaam inkopen staat 75% voor 2010.
Wordt dit ook gehaald? In 2007 hebben we een zelfde rapport gehad. Daarin stond in de inleiding
dat het gemeentelijk milieubeleid zich in het algemeen richt op een duurzame ontwikkeling.
GroenLinks heeft al eerder aangekaart dat ons beleid op het gebied van duurzaamheid niet ver
genoeg gaat. We moeten nu afspreken dat we werk gaan maken van duurzaamheid. Wat we tot nu
toe gehaald hebben, is ons van hogerhand opgelegd. Volgens GroenLinks komt dat mede door een
gebrek aan visie en lef. Zolang we nog te weinig in de toekomst durven te investeren komt er ook
niets van terug. Er zijn genoeg innovaties en mogelijkheden om energie te besparen en die zich in
de toekomst volledig zullen terugverdienen. De fractie komt daarom met de volgende motie:
De raad van de gemeente Franekeradeel,
Kennis genomen hebbende van agendapunt nr 8, het milieuprogramma 2010;
Overwegende dat:
· alle regeringen, waaronder de Nederlandse, zich in 2000 hebben verbonden aan de
Millenniumdoelen, gericht op het uitbannen van armoede;
· nog steeds meer dan één miljard mensen minder dan 1 euro per dag hebben om van te leven;
· de uitspraak van voormalig secretaris-generaal van de Verenigde Naties Kofi Annan dat de
steun en inzet van gemeenten en gemeenschappen onmisbaar zijn in het behalen van de
Millenniumdoelen;
· de VNG alle Nederlandse gemeenten heeft opgeroepen om als Millenniumgemeente mee te
werken aan het behalen van de Millenniumndoelen;
· onze gemeente en onze gemeenschap in staat zijn om een bijdrage te leveren aan de strijd
tegen armoede en ongelijkheid;
Roept het college op
1. Voorbereidingen te treffen om de gemeente Franekeradeel uit te roepen tot
Millenniumgemeente;
2. Voorjaar 2010 een informatieve bijeenkomst te organiseren over dit onderwerp;
3. Aansluitend een millenniumwerkgroep samen te stellen bestaande uit raadsleden en
geïnteresseerde burgers;
4. In de voorjaarsnota als gewenst structureel budget vanaf 2011 een bedrag van 1 euro per
inwoner op te nemen.
en gaat over tot de orde van de dag.
Mefrou Terpstra merkt op dat we foldwaan moatte oan de wet luchtkwaliteit. De lêste rapportaazje
wie fan 2006 en de konklúzje dêrfan wie dat de gemeente Frjentsjerteradiel gjin oerskriedings fan
de grinswearden hie en dat der gjin lokale maatregels troffen wurde hoegden. De luchtkwaliteit
wie sels rom ûnder de noarm. En no fynt it kolleezje dat in aktualisaasje yn 2011 net nedich is. Yn
2011 giet de nije REC yn Harns nei alle gedachten yn bedriuw. Gemeentebelang wol oantrune op
in nije rapportaazje yn 2012. De rapportaazje fan 2006 kinne we dan as nulmjitting oanhâlde. Kin
de wethâlder útlizze wêrom’t de gemeente 800 oeren nedich hat foar it opsetten fan in belied foar
duorsum ynkeapjen. De gemeente keapet dochs al sa folle mooglik duorsum yn. Har fraksje wol
graach wer meidwaan oan de ‘Nacht fan de Nacht’ yn 2010, as it net te djoer is. Gemeentebelang
wol it miljeuprogramma sa wol fêststelle. N.o.f. de moasje fan GrienLinks seit se dat we fanôf
2011 besunigje moatte. It kostet no al ien euro de ynwenner, wylst we net wite wat we dwaan sille.
De Millenniumgemeente sjocht se mear as wat lanliks; se fynt net dat we dêr ekstra kapasiteit en
jild yn stekke moatte as gemeente. Gemeentebelang giet dus net mei yn de moasje.
Wethâlder Twerda seit n.o.f. de moasje fan GrienLinks dat je eins net tsjin de Millenniumdoelen
wêze kinne. Op hokker skaal bemuoit in bepaalde bestjoerslaach him mei hokker probleem? Dit
past goed op it nivo fan it Ryk, mar ek fan de EU. Je fiele je machteleas om der op dit nivo wat
oan te dwaan. Oan de oare kant helje je ek wer in taak by je. Dat liedt dochs wer nei in strukturele
útsetting fan belied. As gemeente moatte wy dit op dizze wize net dwaan, fynt de wethâlder.
By duorsum ynkeapjen giet it om alle opdrachten dy’t de doar útgean. Dat kin it keapjen fan kofje
wêze, mar ek it oanbesteegjen fan in dyk en it ûnderhâld fan diken. Alles dat je útbesteegje soene
je op basis fan duorsume kritearia dwaan moatte, dy’t je formulearje yn bestekken. De hantrekkens
om ynfolling te jaan oan duorsum ynkeapjen binne der no en der wurdt dochs mei sa’n 25, 30
produktgroepen wurke. As je nei 75 of 100% duorsum ynkeapjen wolle, dan moatte jo je bestekken
sa oanpasse dat de útfiering der duorsum fan wurdt.
We sitte no fier ûnder de noarms fan de wet luchtkwaliteit. De provinsje hat as hanthaver op him
naam om de luchtkwaliteit om de REC hinne te monitoarjen. At der út dy monitoaring sinjalen
komme dy’t yn de ferkearde rjochting gean, kin er him foarstelle dat je foar je eigen gemeente
nochris in ûndersyk nei luchtkwaliteit dogge. At dy sinjalen der út de monitoaring fanút de
provinsje net binne, is it weismiten jild at je sjogge nei de REC, tinkt de wethâlder.
Guon riedsleden ha sein dat we net mear dogge as ús wetlike taken en dat se net in soad fernimme
fan foarbyldgedrach. De wethâlder wiist der op dat bygelyks by de oanbesteging fan de nije sporthal
wol moderne enerzjy-ynvestearrings dien binne. By de riolearring rinne we foarop yn Fryslân
oangeande de basisynspanning dêrfan. Oer it âld papier is kommunisearre mei alle buertferienings
en de feriening fan Doarpsbelangen dy’t it âld papier ophellet.
Mefrou Terpstra merkt op dat yn de rapportaazje oer de wet luchtkwaliteit fan 2006 stiet dat wy
ien kear yn de trije jier aktualisearje moatte. Gemeentebelang fynt it net ferkeard dat we dat ien
kear yn de seis jier dogge. Aktualisaasje yn 2012 soe moai wêze. Se seit tsjin de hear Verduin dat
it ek foaral om it bedrach giet dat er freget foar it wurkjen oan de Millenniumdoelen.
Gemeentebelang tinkt dat it mei it duorsume wol ridlik goed sit yn dit hûs.
Wethâlder Twerda antwurdet mefrou Terpstra dat de luchtkwaliteit yn 2006 mjitten is en yn
novimber 2008 noch in kear. It byld bliuwt gelyk en der is dan gjin reden om hieltyd wer te
mjitten, want dan moatte der aktiviteiten plakfine yn de regio dy’t de saak fersteure.
De heer Verduin wil zijn motie handhaven.
It foarstel wurdt hjirnei mei algemiene stimmen oannommen. Ferfolgens De kriget de moasje by
hânopstekken allinnich de stipe fan de hear Verduin, de rest is tsjin, dus de moasje is fersmiten.
Het vaststellen van de vraagstelling t.b.v. het referendum Fryske Plaknammen
De heer Kamstra vindt dit het meest opmerkelijke agendapunt is dat hij de afgelopen 12 jaar heeft
mogen behandelen. We hebben het altijd gehad over naamsverandering in alleen de dorpen. Bij de
vorige vergadering heeft PvdA niet gereageerd toen andere partijen dachten dat het om de hele
gemeente zou gaan. Het CDA had de kans om dat brede draagvlakonderzoek te bewerkstelligen.
De discussie ging erover dat het belachelijk zou zijn om de mensen in de stad te laten beslissen
over de naamsverandering in de dorpen. GroenLinks ging met Gemeentebelang mee en als het CDA
daarmee had ingestemd was er een breed draagvlakonderzoek gedaan op de dorpen en was er nu al
zekerheid geweest over het wel of niet invoeren van de Friese plaatsnamen. Het plan ging echter
niet door, het moest een referendum worden. De spreker zegt dat er wat hem betreft een advertentie
in de krant kan over de vraagstelling en de consequenties. Gemeentebelang is niet voor het referendumen de dorpen zijn er ook niet voor.
De heer De Bok (PvdA)vraagt wat precies het standpunt van Gemeentebelang is. Zij zijn voor een referendum, maar wat vinden ze van de bindendheid, de vraagstelling enz.? De heer Kamstra antwoordt dat Gemeentebelang tijdens de voorjaarsnota tegen de motie gestemd heeft, dus tegen
verandering van de Friese plaatsnamen is. Toen hebben wij gezegd: vraag het aan de bevolking en
doe dat d.m.v. een draagvlakonderzoek bij de mensen waar het om gaat, dus in de dorpen. Later
kwam er een discussie of ook de naam van de stad en de gemeente veranderd moeten worden.
Daarop heeft de raad besloten om een referendum te gaan houden, waarmee Gemeentebelang niet
heeft ingestemd. Wij hebben daarbij aangegeven dat als je 10.000 of 12.000 kiesgerechtigden hebt
in deze gemeente, waarvan er 6000 in de stad Franeker wonen, je die 6000 mensen niet kunt laten
meebeslissen over wat er in de dorpen gaat veranderen. Hij wil alleen de stemmen in de dorpen
tellen. Alleen dan doe je recht aan de vraagstelling en de mensen waar het om gaat, vindt
Gemeentebelang. Als de meerderheid van de kiesgerechtigden in de dorpen voor wijziging is en er
is een hoge opkomst, dan zou je het moeten doen. Maar dan moet er nog wel geld beschikbaar
worden gesteld. Dat moet afgewogen worden tegen andere zaken en dan zal Gemeentebelang
eerder kiezen voor de duurzaamheid genoemd door GroenLinks dan bij de plaatsnamen. We doen
het al tweetalig en dat kan mooi zo blijven, vindt de heer Kamstra.
Wethâlder Twerda seit dat it in inisjatyf west hat fan de rie om Fryske plaknammen yn te fieren. It
kolleezje hat besocht yn oardel jier tiid om dêr alle meiwurking oan te ferlienen. 5 juny 2008 is der
in moasje yntsjinne foar in plan en begrutting foar de ynfiering fan de Fryske plaknammen yn de
doarpen. Dat hat 20 novimber 2008 yn de kommisje west. De begrutting wie oardel ton en gjin
inkelde fraksje hat dêr oan toarnd. No sizze hast alle fraksjes dat it net kloppet. Yn dyselde gearkomste
kaam op it kleed om mar in draachflakûndersyk te dwaan. Op 8 jannewaris 2009 is der troch
de rie in referindumferoardering fêststeld. 5 febrewaris 2009 hat der in foarstel foar in draachflakûndersyk west fia in begruttingswiziging fan 10.000 euro ûnder de befolking. Dat is 8 july 2009 troch de rie ôfstimd. 18 juny 2009 hat it kolleezje in nij stik foarlein oan de rie en doe kaam derút dat we in referindum hâlde moatte en dat we dan ek sjen moatte nei de stêd en de gemeentenamme.8 oktober 2009 is de referindumkommisje ynsteld om de objektiviteit en neutraliteit yn ‘e gaten te hâlden. No is de referindumfraach formulearre op basis fan it brede model. En no wurdt sein dat it ek wol allinnich yn de doarpen kin. Der is no in grut ferskil fan miening yn de rie oer hoe’t it fierder moat. Hy fynt it ferstannich dat in mearderheid fan de rie seit om it no net te dwaan. Der binne no lûden dat we it hiel fazearre ynfiere kinne. Der binne wat eleminten dy’t we fazearje kinne, mar de helte fan de kosten sit yn de weiwizers fan de ANWB, 70.000 euro. We kinne net, at der in
boerd stikken is, dat boerd feroarje yn Tsjom en de rest Tzum litte. At wy yn it GBA de Fryske
plaknammen opnimme, dan sille we by nei de ferskate ynstânsjes, lykas KPN, TNT en TomTomorganisaasjes oergean moatte op de Fryske plaknammen. Dan moatte we yn ien kear de ANWBweiwizers oanpasse. Oer kombuorden kinne we wol wat langer dwaan. De referindumkommisje bewekket de objektiviteit fan de fraachstelling en de neutraliteit fan de ynformaasjefoarsjenning.
Hy fynt it amendemint wat bemanteljend. De foarstanners fan Fryske plaknammen kinne de folder
hiel goed brûke yn har kampanje. Yn dat gefal is de folder net mear objektyf genôch om ûnder de
boargers te fersprieden. It is ferstannich om it referindum no net te dwaan, mar dêr giet de rie oer.
De heer De Bok (PvdA)is het met de heer Van der Mei eens dat het college de zaak verstiert doordat ze de zaak erg laks opgepakt heeft, ook als het gaat om de informatievoorziening. Dat kunnen we
rechtzetten door een goede advertentie in de krant te zetten en binnen een week de juiste informatie
te geven. Als je instemt met een referendum, moet je dat ook doen, vindt de spreker. De hear Van
der Mei fynt dat je soks goed dwaan moatte. De heer De Bok zegt dat je het inderdaad goed moet
doen. Het gaat nu om twee dingen: de vraagstelling en heb je het idee of je het nog goed kunt
doen? De heer Stelma vraagt of de heer De Bok een motie van wantrouwen in gaat dienen. De
heer De Bok geeft aan dat niet te zullen doen. Hij behoudt zich een eindoordeel in deze discussie
even voor.
De hear Swart (CDA)seit dat de mearderheid fan de rie ynstimd hat mei Fryske plaknammen yn de
doarpen. Letter wie in mearderheid foar in brede ynfiering, ek foar de stêd en de gemeentenamme.
No wurdt der wer in amendemint yntsjinne om it allinnich foar de doarpen te dwaan. Oare organisaasjesminge har no ek yn de diskusje en dat liedt ta ûnwissigens by de ferskate partijen. It CDAhat fan begjin ôf sein foar ynfiering fan Fryske plaknammen en foar in draachflakûndersyk te
wêzen. De fraksje stiet noch hieltyd foar de útslach fan it referindum. Mar sa’t it no giet, giet it net
goed mei it referindum. Dat moatte we no net útfiere, mar by folgjende ferkiezings.
De hear Van der Mei (FNP) seit dat syn ferhaal noch oerein stiet. We ha it oer Fryske plaknammen, mar we kinne better sizze: de oarspronklike nammen. Sjoen de diskusje kinne we it no better net trochsette en moatte we it oare jier mar werris sjen.
De heer Kamstra zegt dat een coalitie-afspraak niet nagekomen wordt. De PvdA heeft gelegenheid
gehad om terug te keren op de ‘rechte weg’. Het CDA kan ook terugkeren op het rechte pad en
doen wat de leden hun vragen. Het enige kind van de rekening is de FNP en die denkt over een
jaar of anderhalf jaar toch het referendum te houden. Bij deze verkiezingen was er een dubbel
risico geweest en dat durft men blijkbaar niet aan.
Wethâlder Twerda merkt op dat der oardel jier lyn in inisjatyf wie fanút de rie. Dy moasje hat it
kolleezje loyaal besocht út te fieren. Yn it stik fan de referindumkommisje stiet dat it kolleezje
him neutraal opsteld hat. Dat kloppet. It referindum fan Ljouwert wie in inisjatyf fan kolleezje en
rie oer de Saailân-plannen. Hy hie tocht dat we der jûn útkomme soene en dat we ta in referindum
komme soene op 3 maart. De rie nimt hieltyd oare stânpunten yn. It is pas de earste kear yn dizze
oardel jier dat der in gedachtewikseling oer dit tema tusken kolleezje en rie plakfynt. De partijen
ha inoar te min opsocht om dit slagje te litten, tinkt er.
Desgevraagd door de voorzitter geven de heren De Bok en Stelma aan dat ze hun amendement
handhaven. Ek de hear Van der Mei jout oan dat de FNP syn mûnlinge amendemint hanthavenet.
Om ‘t er betizing bestiet oer it ferfolch freget en kriget de hear Swart skorsing.
Nei weriepening fan de gearkomste troch de foarsitter, docht de hear Swart it oarderútstel om dit
punt fan de aginda ôf te heljen mei it doel om it better ta te rieden en mei ien fan de kommende
ferkiezings opnij op de aginda te setten.
De heer Kamstra verklaart de besluitvorming niet te willen uitstellen. Laten we eerst maar verkiezingen houden en dan zijn er hele andere meerderheden en dan is het misschien niet meer nodig.
Mei ynstimming fan de gearkomste giet de foarsitter by hânopstekken oer ta it simmen oer it
oarderútstel fan it CDA. Yn ienriedigens wurdt besletten dat dit punt no fan de aginda ôfgiet en
letter wer weromkomt.
Het uiten van wensen en bedenkingen over:
a. de heroverweging m.b.t. een Langdurigheidstoeslag;
Mefrou Terpstra seit dat Gemeentebelang hiel teloarsteld wie oer de moasje fan PvdA en CDA,
dy’t ek mar mei 10-9 oannaam waard. We moatte besunigje en struktureel ekstra budzjet sit der
even net yn. Se is en bliuwt it iens met it kolleezje en de sosjale tsjinst om dit jild earliker te ferdielen
ûnder de doelgroep. Der binne ek efterlizzende foarsjennings, lykas it earmoedebelied en de
bysûndere bystân, foar dizze doelgroep.
Wethâlder Twerda merkt op dat by de begrutting in foarstel lei foar in bepaalde fariant. Yn in
oanfolling op de moasje waard sein fan besykje it as gemeenten mei inoar iens te wêzen op dit
tema. De gemeenten pasten ferskate farianten ta: 25%, 38%, 100% of sels 107% fan it sosjaal
minimum. Der is doedestiids sein om mei ferbreding fan de doelgroep en de middelen fan it Ryk
de ekstra doelgroep op te fangen. Dat soarge derfoar dat it budzjet mei de middelen net mear
genôch wie om de 38% te hanthavenjen. Dat wie doe de oerweging om nei 25% te gean. Omdat
dit it gemeentlike part oanbelanget fan wat de tsjinst docht, stiet it de rie frij om dêr in ôfwikend
stânpunt by yn te nimmen. Om it troch te skowen nei in folgjende rie liket him net goed. Dan hat
er leaver fannejûn in moasje op it stik. giet hjir om minsken dy’t it nedich ha.
b. de reactienota op de dorpsvisie Ried;
Ek de hear Hof fynt dat de doarpsfisy der prima útsjocht. Yn de reaksje fan it kolleezje stiet dat it
doarp it dreech hat om problemen mei swalksmoargens en fandalisme op te lossen. Hy fynt dat it
kolleezje hjirfoar in hantrekken dwaan moat, sadat dy problemen at dy har foardogge, sa gau
mooglik de kop yndrukt wurde.
Wethâlder Bonnema seit dat Rie yndie in aktyf doarp is. Se ha in soad ambysjes en projekten dy’t
se graach útfiere wolle. Dêrom kin it om it kolleezje wol oant 2020 jilde. It kolleezje sil yn de
doarpsskou ek nei de skeve tegels sjen. Der is belied makke op it swalksmoargens en de hûnestront,
dus dat sil ek yn Rie útset wurde, mar dêr ha we wol de help fan de boargers by nedich. Hy hopet
meikoarten fan it doarp te hearren hoe’t se fierder wolle mei it doarpshûs. It kolleezje sil fia de
griffier wite litte wannear’t de startbyienkomst oer de kuierpaden plakfine sil.
De hear Hof wol noch graach in reaksje fan de wethâlder oer it fandalisme. Wethâlder Bonnema
seit dat dat foaral te krijen hat mei de âlde skoalle, dy’t ûndertusken ôfbrutsen is. We binne dwaande
mei de werynrjochting fan dat gebiet. It tafersjoch sil ek troch de plysje oppakt wurde moatte.
De kolleezjereaksje wurdt foar kundskip oannommen.
c. de reactienota op de dorpsvisie Herbayum.
De hear Hof merkt op dat neffens de befolkingsprognoaze foar Noard-Fryslân rekken holden
wurde moat mei de fergrizing tusken 2009 en 2015. Doarpsbelang wol graach dat der acht oant
tsien nije huzen komme. Út de reaksje kin je lêze dat der rekken holden wurde moat mei de
fergrizing. At we dêr no al oan tajouwe, giet de skoalle nei alle gedachten wol ticht, tinkt de
sprekker. Dêr moatte we ús wol tsjin fersette, fynt er.
Wethâlder Twerda merkt op dat we dwaande binne mei it meitsjen fan in sosjaal-ekonomyske
analyze fan ús regio. De útkomsten dêrfan sille brûkt wurde by wat hjir bart. In soad gemeenten
krije te meitsjen mei krimp en dêr moatte we rekken mei hâlde. Der stean yn doarpen in protte
huzen leech, dan moatte je oppasse om der wer nijbou del te setten. Hoe stelt de hear Stelma him
dat gesinsbelied foar, freget er. De heer Stelma zegt dat dat iets voor het verkiezingsprogramma is.
Wethâlder Twerda ferfolget dat de provinsje op it stuit dwaande is mei in deltaplan foar de frijkommende tsjerken, en dan benammen tsjerken mei in weardefol karakter. Dat plan moatte we
even ôfwachtsje.
De kolleezjereaksje wurdt foar kundskip oannommen.
Het beschikbaar stellen van een krediet voor aanpassing van de Hertog van Saxenlaan en
parkeerplaatsen aldaar
De heer Kamstra merkt op dat Gemeentebelang altijd gepleit heeft voor behoud van het vrijliggend
fiets- en voetpad. Aan de overkant van de voetbalvelden is nog wel een voetpad, maar het
fietspad wordt opgeheven. Zijn fractie heeft eerder geopperd om een plan te maken met fietspad.
Maar het plan is zo gepresenteerd als het nu voorligt. Hij is nog steeds niet enthousiast. Er was
onveiligheid, er zijn ernstige dingen gebeurd en toen is er een vrijliggend fietspad gekomen. En nu
heffen we dat weer op. Het ziet er inderdaad fantastisch uit zo’n laan met allemaal bomen, en een
mooi rood plein. Maar je krijgt een splitsing van twee wegen, er is een kruising en mensen rijden
het parkeerterrein op en af. Het wordt een chaotische situatie en Gemeentebelang gelooft niet dat
dat de veilige oplossing wordt voor dit kruispunt. Verschillende werkgroepleden hebben bepaalde
opties geopperd, maar de deskundigen hebben gezegd dat dit veiliger is. Als je 40 meter tot je
beschikking hebt, waarom zou je het dan laten om die stromen te scheiden? Bij het voetbalveld
zou je op de gedempte sloot eerst een voetspad en een fietspad kunnen leggen, dan parkeren, dan
rijden en aan de andere kant weer een voetpad. Waarom is dat niet mogelijk? De fractie is hier
absoluut niet voor en komt mondeling met het volgende amendement:
In te stemmen met de plannen van de Hertog van Saxenlaan, kennis nemen van de ingekomen
inspraakreacties, met dien verstande dat er een vrijliggend fietspad blijft bestaan
tussen de Dongjumerpoort en de Trije.
Wethouder Miedema zegt dat de verschillende opties goed doorgesproken zijn in de werkgroep en
men is het unaniem eens is over dit voorstel. In de werkgroep zat een goede mix: bewoners, de
Commerciële Club, Veilig Verkeer Nederland, het Shared Space Institituut en de politie. De
vorige keer dat we over dit onderwerp spraken, is gezegd dat er door het college nog eens flink
nagedacht moest worden over het hele proces. Dat heeft het college gedaan en het is vertaald in
beginspraak in de Korenbeurs. De wethouder is blij met de opkomst daar. De opdracht kwam uit
het commissiestuk. Dus het wegvak was bepaald, de Essolocatie was bepaald, de parkeerplaatsen
werden meegegeven. Daarin is niet zo sturend opgetreden door de gemeente. In de werkgroep was
men er al snel van overtuigd dat de verkeersstromen gemengd zouden moeten worden. Je moet
van Shared Space geen geloof maken, maar het wordt rondom in de wereld toegepast. Het blijft
zich steeds doorontwikkelen. Hij vindt het amendement van Gemeentebelang erg ver gaan. De
lanenbeplanting is door de raad zelf in de structuurvisie vastgelegd. In het plan zit zelfs een uitbreiding van de ballenvangers aan één kant, dus ook daar is aan gedacht. Via interruptie vraagt de
heer Stelma (CU) of de fietsers noodzakelijk zijn in de verkeersstroom om de snelheid op 30 km te
zetten. Er is natuurlijk wel ruimte voor een apart fietspad. Wethouder Miedema zegt bij 30 kminrichting geen gescheiden rijbanen horen. Het punt voor de brug is gevaarlijk, zegt hij, want daar
komt alles bij elkaar. Daar moet je wel gaan sturen, het tempo moet daar laag. Voor de Essolocatie
wordt er gewerkt aan een intentie-overeenkomst tussen partijen. Accolade wordt daar eigenaar
van het vastgoed. Er gaat veel bus- en vrachtverkeer over de Hertog van Saxenlaan, wordt gezegd,
maar dat is in Drachten ook op het Shared Space-punt, zegt de wethouder. En dat is niet erg.
De heer Kamstra merkt op dat de werkgroepleden akkoord zijn gegaan, maar dat je tussen de
regels door kunt lezen dat het onderbuikgevoel niet goed is. Het mengen van het fietsverkeer, ook
op het parkeerterrein, doet hem met angst beven. En Shared Space doe je niet op invalswegen en
de weggebruikers die naar De Trije gaan zijn onbekend met de situatie. Een fietspad is wel extra
veilig, vindt hij.
Wethouder Miedema zegt dat er geen handboek is voor Shared Space. Het is een concept dat je in
een situatie toepast. Alle verkeersdeelnemers zijn nodig om het verkeer te remmen.
In reactie hierop zegt de heer Kamstra dat er op internet evaluaties staan waarin wordt aangegeven
dat je geen Shared Space moet toepassen op invalswegen. Hij is het niet eens met het voorstel, dus
zal hij het ook niet amenderen.
By hânopstekking wurdt stimd oer it foarstel fan it kolleezje. De fraksjes fan Gemeentebelang,
VVD en ChristenUnie binne tsjin (5), de rest foar (13), sadat de foarsitter konkludearret dat it
foarstel oannommen wurdt.
Onderstaande fietspad verdwijnt dus. Al het snel- en langzaamverkeer moet vanaf een ingewikkeld shared space plein bij de Trije via een 5 meter brede weg naar de Dongjummerpoort.
De fietsers moeten de snelheid uit het autoverkeer halen.

Verslag raadscommissie 17 januari 2010
Info door- en overleg met het college/de burgemeester
2+6 collegebesluit 08-12-2009: exploitatieovereenkomst locatie Fongers + collegebesluit 01-12-2009: uitwerkingsplan vml. Landbouwschool Franeker
Mevrouw Osinga wijst erop dat bij ingekomen stuk 2 gesproken wordt over een exploitatieovereenkomst
voor een 6-tal woningen in Tzummarum. In dit stuk wordt ook planschade
genoemd. Bij stuk 6 gaat het over 4 appartementen in de voormalige landbouwschool. Hiervoor is een ontwikkelingsovereenkomst gesloten en is de planschade niet terug te vinden. Waarom wordt in het ene stuk gesproken over een exploitatieovereenkomst en in het andere over ontwikkelingsovereenkomst en waarom wordt de planschade bij de ene wel en bij de andere niet genoemd? De hear Hof freget oft de trije sjenswizen dy’t no noch oer binne,bekende of nije beswieren binne.
Wethâlder Twerda antwurdet dat de fragen oer punt 6 skriftlik beäntwurde wurde.
Collegebesluit 08-12-2009: invoering wet investering in jongeren.
Mefrou Terpstra wol witte oft der foldwaande learwurkoanbod is yn ús gemeente en oft we de
minsken tsjin begeliedingsfergoedingen ynsette by bygelyks ferienings. Ek freget se oft de rie
dizze feroardering noch fêststelle moat.
Wethâlder Twerda seit dat it de keunst is om foldwaande learwurkplakken te kreëaren. It moat
wol krekt op in momint dat de wurkleazens yn de regio ta nimt. Ferline jier is dit yn ús
gemeente mei 25% omheech gien. De mooglikheden wurde hjirtroch wol beperkt. It is in
“beleidsluwe” feroardering dy’t troch de wet ynkadere is. Wat dat oanbelanget hoecht de rie
dit net mear fêst te stellen, mar de wethâlder hat hjir sels syn twifels wol wat oer.
It bestjoer fan de sosjale tsjinst hat sein dat de reyntegraasjemiddelen om minsken oan it wurk
te helpen bepaald wurde troch it budzjet oan wurkdiel dat der is. De tsjinst hat fan it bestjoer
de opdracht krigen om dit sa út te fieren dat it binnen de besteande budzjetten bliuwt.
It liket mefrou Terpstra ferstandich dat de wethâlder útsiket hoe it sit mei it foech ta de feroardering.
De wethâlder seit ta dit te dwaan.
Informatie en overleg
best. Plan Sexbierum – Bestaande glastuinbouw: ontwerpbestemmingsplan
De heer Hof wiist op de fraach fan de Fryske Miljeufederaasje oer de ljochtemisje. Hy freget
it kolleezje oft wy net wer foar in feit steld wurde as de Miljeufederaasje wer yn berop giet.
Wethâlder Bonnema leit út dat it om in besteand plan giet en dêr kinne gjin wizigingen yn
oanbrocht wurde. De Miljeufederaasje kin der wol op oan dat de ljochthinder beheind wurdt.
Dorpsvisies en Dorpenvisiefonds: stand van zaken
De heer Kamstra noemt het een mooi overzicht. Hij is blij dat de dorpsvisies draaien en vindt
het fijn dat dit nog steeds met het huidige budget gefinancierd kan worden. Hij is er voor om
hiermee door te gaan en hoopt dat dit financieel gezien ook kan. Hij vraagt zich af of dit beslist
geoormerkt geld moet zijn: bij projecten in de stad wordt dit immers ook niet gedaan.
Wethâlder Twerda is bliid dat alle fraksjes tefreden binne. Hy tinkt dat it in goede oprop is om
hjir nei 2010 fierder mei te gean.
Oer de opmerking fan de hear Kamstra om op in oare manier troch te gean seit wethâlder Twerda is dat de wearde fan it fûns is dat de rie rigels opstelt hat en dat der in fisy opstelt is troch de doarpen. As oanfragen binnen de fisy en binnen de rigels passe, dan kinne jo fleksibel operearre. Oars soenen jo alle kearen diskusiere moatte.
Pilot brede school Franekeradeel: voortgangsrapportage
Mefrou Terpstra fynt it moai dat foar de pilot keazen is foar Seisbierrum. Se hopet dat it
kolleezje oer in jier wer mei in fuortgongsrapportaazje komt.
Vragen raadsleden
Mefrou Terpstra wol witte hoe fier it is mei de opset fan de kultuernota. Elk jier dat we gjin
kultuernota hawwe rint de Koornbeurs bygelyks €50.000, - foar syn eksploitaasje mis.
Wethâlder Bonnema seit dat Frjentsjerteradiel yn earste ynstânsje net yn de nota “Finsters
Iepen” stie. Hjir is nei in pleit fan de kulturele ynstellingen en fan de gemeente feroaring yn
kommen. Dernei hat in petear plak fûn mei de deputearre. Om yn oanmerking te kommen foar
subsydzje moat der in kultuernota komme. Dit stie net yn it riedsprogramma en it kolleezjeprogramma.
De oeren dy’t derfoar útlutsen binne, binne opnaam yn it wurkplan fan de
ôfdieling BOSZ. Bedoeling is om hjir yn it earste kwartaal mei te kommen. Der moat noch
besjoen wurde hoe’t de rie hjirby belutsen wurdt.
Voorbereiding besluitvorming
Aanbevelingen rapport ‘organisatie van de stadspromotie’: richting geven
Mefrou Terpstra wiist der op dat inkele minsken der in soad tiid ynstekke. No moat der profesjoneler
wurke wurde. Ynteressant yn it rapport is de stelling wa’t probleemeigner is. Konklúzje is
dat it in kollektyf probleem is, mar dat de gemeente primêre probleemeigner is. Gemeentebelang
fynt it in kollektyf probleem, wêr’t gjin primêre probleemeigner is. In goed imago is goed foar de
ynwenners en lûkt minsken nei de stêd. Dit is goed foar de wurkgelegenheid en de ûndernimmers.
Wat de kearnpunten oanbelanget seit mefrou Terpstra dat in goede organisaasjestruktuer fan grut
belang is. Gemeentebelang is foar it innen fan reklamejilden by de bedriuwen, mits sy hjir oan
meiwurkje wolle. It oanstellen fan 1 of 2 profesjonele krachten betsjut in jierlikse bydrage fan de
gemeente fan earst €60.000,- en letter €50.000,- per jier. It komt net goed út dat de gemeente besunigje moat. De nije rie sil beslisse moatte. Der kin ek socht wurde nei subsydzje út oare potten.
Meiwurking mei Fryslân Marketing is nedich, sy hawwe ek finansjele mooglikheden. Húsfesting
fan de promotor kin earst by de gemeente en letter bygelyks by in museum. Gemeentebelang is
foar de plannen, mar de nije rie moat by de foarjiersnota beslisse. De €25.000,- is der, mar de rest
kin no net tasein wurde. Wurdt der jild fûn, dan wolle wy ek foar 2010 in ekstra bydrage jaan. Se
is it iens mei de FNP dat de gemeente it inisjatyf nimme kin yn de Sjaerdemastraat.
Wethâlder Twerda fernimt dat der brede ynstimming is foar it model. De angel sit yn de finansiering.
De ko-finansiering fan it bedriuwslibben is essinsjeel. Dit moat troch it kolleezje útwurke
wurde en der moat stevich draachflak wêze by de ûndernimmers foar it model en de rjochting fan
finansiering. De nije rie sit aanst yn in drege posysje. Litte we ús no net te folle op de sifers blyn
stoarje, mar ús rjochtsje op it model. Oer de fraach om yn 2010 al te starten, seit de wethâlder dat
der tiid nedich is om dit út te wurkjen. De ko-finansiering fia in heffing kin net earder dan 2011.
As de rie by de foarjiersnota it fiat jout foar in bepaald model en dekking hat, dan kin nei 2010
sjoen wurde. De oare punten komme yn de útwurking oan de oarder. It idee fan mefrou Osinga om
it jild te ferdielen ûnder de kulturele ynstellingen komt net oerien mei it model. Sawol de gemeente
as de ûndernimmers binne probleemeigner. Sy sille dit mei-inoar oplosse moatte. De reaksjes fan
de ûndernimmers binne posityf, allinnich wolle se de útwurking earst ôfwachtsje. Oer it Frysk seit
er dat as it referindum oannaam wie, dan hienen we no miskien de “stjer fan de âlvesteden” hân.
De foarsitter konkludearret dat it kolleezje dit útwurkje kin yn de rjochting dy’t hja foarsteld
hawwe en ûnder de twa folgjende betingsten. Der moat foarsichtich omgien wurde mei de
finânsjes, de ôfwaging moat plakfine bij de foarjiersnota. Dielname fan de ûndernimmers is
bepalend of hjir wol of net mei fierder gien wurde moat.
|